Fryske minderheid yn Denemarken?

14 feb 2003 - 00:00

Benny Siewertsen út it suden fan Dene-marken beskôget himsels as in Deenske Fries. Hy besiket op it stuit om in organisaasje op te setten foar Deenske Friezen. Siewertsen tinkt dat hjir wol belangstelling foar is.

Siewertsen hat al in website boud mei Fryske famyljenammen yn Denemarken. Yn it noarden fan Dútslân wennet in Fryske minderheid flak ûnder de Deens-Dútse grins. Oer Friezen yn Denemarken wie oant no ta net folle bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)