Fryske militêren nei Eritrea

21 okt 2000 - 18:53

Alve militêren fan de Ljouwerter fleanbasis geane nei Eritrea foar de fredesmissy fan de Feriene Naasjes. It giet benammen om leden fan it grûnpersoniel.

De alve wurde opnaam yn in detasjemint fan 150 man. De measten komme fan 'e fleanbasis Soesterberg. It beslút kaam rapper as ferwachte. De Twadde Keamer hat noch mar krekt tastimming jûn foar dizze fredesmissy, it CDA is tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)