Fryske militêren IS-missy dizze wike werom nei hûs

05 jan 2015 - 19:30
  • F-16

Fryske militêren dy't yn it Midden-Easten meidogge oan de striid tsjin ISIS, komme takom wike oer ferskate dagen werom nei Nederlân. Dat sei boargemaster Ferd Crone moandeitemiddei op de nijjiersrespesje fan de gemeente Ljouwert.

In wurdfierder fan de fleanbasis Ljouwert wol yn it ramt fan de feilichheid fan de militêren net tefolle kwyt oer de missy, mar befêstiget dat de militêren yndie dizze wike nei trije moannen werom komme. Oan de IS-missy dogge seis strieljagers fan de fleanbasis Ljouwert mei.

Mei-inoar binne 250 Nederlânske militêren aktyf yn de striid tsjin ISIS. Goed 90 prosint fan harren is ôfkomstich fan de fleanbasis Ljouwert. De wurdfierder fan de fleanbasis lit witte dat benammen militêren fan de fleanbasis Volkel ynkoarten it stokje oernimme sille. Fleanbasis Ljouwert sjocht goed werom op de missy, mar wol dêr fierder net spesifyk op yngean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)