Fryske metaalsektor leit plat

28 okt 2004 - 10:21

Ek de Fryske metaalbedriuwen dogge woansdei mei oan de lanlike staking fan 24 oeren. Goed 2500 Fryske wurknimmers lizze it wurk del om't se it net iens binne mei de plannen fan it kabinet Balkenende. It is de grutste staking yn 20 jier.

Sa'n 200 stakers kamen tusken de middei by elkoar yn Thialf op It Hearrenfean. Dêr wie personiel by fan fytsfabryk Batavus en busbouwer Berkhof. Dy hienen in koarte wurkûnderbrekking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)