Fryske meldkoade is in súkses

23 feb 2012 - 20:52

De nije Fryske meldkoade foar húslik geweld en bernemishanneling wurket goed. Dat wie ien fan de útkomsten op de slotmanifestaasje fan RAAK, de Regionale Aanpak Kindermishandeling. Dit wie in gearwurkingsferbân fan ûnder oare alle Fryske gemeenten, de provinsje, buro jeugdsoarch en de GGD.

Dizze oanpak is begongen yn 2008 en rûn oant en mei ferline jier. Yn dy jierren is it tal meldingen troch de meldkoade hiel bot omheech gien. De meldkoade bestiet út fiif stappen om it húslik geweld of bernemishanneling yn kaart te bringen.

RAAK bestie neist it ynfieren fan dy meldkoade ek út in rige trainingen foar minsken dy't wurkje mei bern, lykas de berne-opfang, it ûnderwiis en jeugdsoarch. Dy trainingen hawwe der foar soarge dat de drompel om it petear oer bernemishanneling oan te gean folle leger wurden is. De gemeenten moatte it stokje fan RAAK oernimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)