"Fryske Mediaried ek yn 'e wet fêstlizze"

02 mrt 2016 - 16:03
  • In eardere aksje by it provinsjehûs foar selsstannich Omrop Fryslân

As it plan foar in Fryske Mediaried oannaam wurdt yn de Earste Keamer, dan moat dat yn 'e wet regele wurde. Dat fynt haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân. De Fryske Mediaried soe der foar soargje moatte dat it Frysk op radio en telefyzje feilich steld wurdt.

By it debat oer de nije mediawet tsjinne senator Hendrik ten Hoeve (OSF) in moasje yn dy't it ynstellen fan de ried regelje moat. In selsstannige Omrop Fryslân is net mear helber, sa wie de ynskatting fan Ten Hoeve.

De mediaried soe advisearje moatte oer bygelyks de finansiering. Wat dat yn de praktyk betsjut, is noch ûndúdlik, sa seit Bakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)