'Fryske Marren' yn steatsblêd

24 jul 2013 - 12:06
  • De Friese Meren

Troch de publikaasje yn it Steatsblêd is it ûntstean fan de nije gemeente De Fryske Marren mei yngong fan 1 jannewaris 2014 in feit. De Earste Keamer hat op 18 juny ynstimd mei it wetsûntwerp en mei de publikaasje fan de wet yn it Staatsblad giet dy no offisjeel yn wurking.

Hjirmei is de lêste formele stap set foar de fúzje tusken de gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)