Fryske Marren moat besunigje

16 sep 2013 - 07:03
  • De Fryske Marren

De gemeente De Fryske Marren moat 9 miljoen euro besunigje. De gemeente skoot tal fan ynvestearrings op de lange baan. Dat docht bliken út de kadernota dy't moandei presintearre wurdt, mei dêryn de begrutting oant en mei 2017.

De Fryske Marren is in fúzjegemeente fan Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat. De besunigings binne net it it gefolch fan de weryndieling. Se binne foaral feroarsake troch besunigings fan it Ryk. De ekonomyske krisis spilet ek mei. Der is amper fraach nei huzen en bedriuwskavels en it tal wurkleazen groeit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)