Fryske Marren: FNP en CDA

27 nov 2013 - 13:13

De FNP en it CDA foarmje tegearre in koälysje yn de nije gemeente De Fryske Marren. Dêr binne beide partijen it oer iens wurden. Beide leverje twa wethâlders. Earder makke listlûker Gerda de Vries fan de FNP bekend dat sy wol wat seach yn in koälysje mei mear as twa partijen, sjoen alle saken dy't in nije gemeente mei him meibringt.

Uteinlik is der net foar in tredde partij keazen. Wêrom net wurdt kommende moandei dúdlik, dan jout ynformateur Hendrik ten Hoeve in taljochting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)