'Fryske' maraboe ferstoarn

10 jan 2006 - 09:59

De maraboe dy't koartlyn fongen is by Sânhûzen is deagien. De grutte fûgel wie in heal jier lyn ûntkommen út Diergaarde Blijdorp. Dêrnei waard er op ferskate plakken sjoen, yn oktober noch op in yndustryterrein by Drachten.

Yn oktober waard de maraboe fongen en werombrocht nei de bistetún yn Rotterdam. Dêr is it bist stoarn oan in ynfeksje oan de terms. It wie de bedoeling dat de maraboe ferhúzje soe nei Ingelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)