Fryske majorettes nei EK

23 sep 2007 - 13:05

Twa majorettes fan Menaam dogge kommend wykein mei oan de Europeeske kampioenskippen yn Slovenië. Mariska Veldhuizen en Anneke de Jong komme út yn de saneamde seksje B. Dat hâldt yn dat se mei de baton, de rifle en in flagge in show meitsje op muzyk.

De majorettes pleatsten har by de Nederlânske kampioenskippen dêr't se tred waarden. It is foar safier bekend de earste kear dat Friezen meidogge oan it Europeesk kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)