Fryske loft is skjinner

11 jan 2012 - 14:03

Fryslân is in sûne provinsje om te wenjen. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Astmafûns. De Fryske loft is skjinner as op in soad oare plakken yn it lân.
De famylje Mooyen ferhuze yn 2004 om dy reden út Brâban wei nei Fryslân. De beide bern en mem ha astma en hiene lêst fan de útlitgassen en ammoniakútstjit fan bargehâlders.
Nei de ferhuzing giet it in stik better mei de famylje. De beide soannen binne sels folslein fan de medisinen ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)