Fryske ljeppers yn Litouwen

08 feb 2012 - 21:44

In delegaasje fierljeppers is op it stuit yn Litouwen foar in earste ynspeksje foar de World Sports for All Games fan dizze simmer. It is it doel dat de ljeppers dizze simmer ferskate demonstraasjes jouwe. Earder diene de ljeppers al yn Súd-Korea mei oan it evenemint.

Fryslân wie dwaande om de organisaasje fan 'e Spelen yn 2016 nei Nederlân te heljen, mar dat slagge net. Der wurdt no besocht in Europeeske fariant yn 2014 te organisearjen.

De ljeppers hawwe yn Litouwen ek in ferneamd beafeartsplak besocht. Se hawwe hjir noch in tinkstien delset foar de koartlyn ferstoarne klompmakker en fierljeptrainer Eelke Scherjon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)