'Fryske ledlampe is goed'

25 maaie 2009 - 11:51
  • De 'Fryske' tiparolampe komt goed út de test

De ledlampe dy't troch de provinsje Fryslân oanpriizge wurdt yn de Ik Stap Oer-kampanje, komt yn in ûndersyk fan it Vara-programma Kassa goed út de bus. Neffens it ûndersyk, dat sneon op tv wie, is de Tiparolampe de bêste yn de kategory dy't 25-Watt lampen ferfange moat. Sawol de priis as de ljochtopbringst wurde goed neamd.

Earder wiene der ferhalen dat de Fryske ledlampe net enerzjysunich wêze soe. Hjirtroch binne der minder ledlampen kocht as yn 't foar tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)