Fryske learlingen nei Utrecht

16 apr 2007 - 11:56
  • De learlingen binne vipgast yn Vredenburg te Utrecht

Learlingen fan skoalmienskip Magister Alvinus yn Snits binne tiisdei vip-gast yn muzyksintrum Vredenburg yn Utrecht by de bekendmakking fan it favorite boek fan de Jonge Jury. Mei in vip-bus geane se nei Utrecht en dêr meie se op it poadium foar harren eigen favorite jongerenboek pleitzje.

De Jonge Jury is in lêsbefoarderingsprojekt foar bern fan 12 oant 16 jier. De bern fan RSG ha it arranzjemint mei in priisfraach wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)