Fryske kuorbaltalinten útsocht

29 des 2010 - 14:41

Trije Fryske kuorbaltalinten binne troch de bûnscoach útkeazen foar it nasjonale team fan ûnder de 16 jier. Jesse Tuttel fan Wolvegea, Femke Faber fan De Gordyk en Marrit van Zwol fan It Hearrenfean sille Nederlân ûnder oare fertsjinwurdigje op it WK yn maart yn Schijndel.

Der stiet ek noch in wichtige ynterlân tsjin België op it programma. De jonge talinten moatte fan no ôf wol elke wike nei Zeist om te trainen, ek wurde der staazjes oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)