Fryske 'Kunstbende' skoart goed

26 jun 2000 - 14:21

Fryslân hat goed skoard by de lanlike finale fan de Kunstbende, snein yn Utrecht. Fan de sân finalisten út Fryslân stiene 4 op it earepoadium. It tema fan de Kunstbende wie 'Lef'.

De earste priis yn de rubryk muzyk gie nei de band Amphion út Ljouwert. Fierder wiene der prizen foar de Friezen Selie-Anne van der Veer, Hans Hoekstra, Janine Bos en Maaike van der Zee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)