Fryske kultuer- en natuerprojekten krije 49.000 euro

05 okt 2015 - 18:21
  • Warkums Erfskip is festige yn de Waach

26 Fryske kultuer- en natuerprojekten krije jild fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. Mei mekoar rikt it fûns hast 49.000 euro út.

Ien fan de ynstellings dy't finansjele stipe krijt, is it museum op De Jouwer. Dat krijt 5.000 euro foar de tentoanstelling '1816-2016 Twee eeuwen innovatie in het museum'. It Museum Warkums Erfskip krijt itselde bedrach foar de útwreiding fan it museum.

Foar de publikaasje fan it boek 'Dag, mijn lieve moeder' fan Peter en Klaske Karstkarel krijt de Friese Pers Boekerij Noordboek ek in subsydzje fan 5.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)