Fryske korpsen nei brân Drinte

25 feb 2012 - 20:33

In grut oantal Fryske brânwachtkorpsen is sneontejûn ek alarmeard by in koarte brân yn de jeugdgefangenis yn Veenhuizen, krekt oer de grins by Haulerwyk. In pear jongeren hiene spul mei-elkoar krigen en dêrby waard brân stifte mei kessens en in frituerpanne.

Yn earste ynstânsje waard grut alarm slein. Njonken Drintske korpsen waard de brânwacht fan Haulerwyk en Drachten ek ynskeakele. De brân wie lykwols gau ûnder kontrôle. Der rekke gjinien ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)