Fryske kij binne middenmoaters by fosfaatproduksje

11 jan 2016 - 11:18

Fryslân is in middenmoater wat it produsearjen fan fosfaat troch feehâlders oanbelanget. It measte fosfaat wurdt produsearre troch boeren yn Noard-Brabân, benammen troch de hege konsintraasje fan bargeboeren yn dy provinsje. Dat docht bliken út sifers fan it CBS.

Nederlân produsearre yn 2015 mei 173 miljoen kúb foar it earst mear fosfaat as de EU tastiet. Dat kaam benammen trochdat de boeren mear kij en bargen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)