Fryske keunst op feiling

11 apr 2010 - 10:31
  • Ien fan de tekeningen fan Jopie Huisman (Foto: Ald Fryslân)

Feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts feilt meikoarten in tal wurken fan Fryske keunstners. It giet ûnder oare om tekeningen fan Jopie Huisman en wurken fan Piet van der Hem, Klaas Koopmans en Bouke van der Sloot.

Oare Fryske saken dy't by de feiling ferkocht wurde, binne in sulveren brandewynkom dy't yn 1732 yn Snits makke is, Frysk ierdewurk en Fryske klokken. It guod wurdt op meardere jûnen yn april feild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)