Fryske keatsfroulju winne WK

29 aug 2012 - 16:11
  • Keatsfroulju

De earste wrâldtitel foar Nederlân op it WK keatsen yn Frjentsjer is binnen. Leonie van der Graaf, Harmke Siegersma en Fenna Zeinstra hawwe de finale Frysk spul wûn fan it Spaanske trio. De froulju wûnen maklik mei 5-0 en 6-0.

Der wurdt noch oant en mei sneon op ferskate ûnderdielen keatst, ûnder oare it Frysk spul, ynternasjonaal spul en muorrekeatsen. Sneon is de finale Llargues.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)