Fryske kampioenen Oane en Hiske winne It Heidenskip

12 aug 2015 - 22:09
  • Oane Galama
  • Sytse Bokma

Fjouwer fan de fiif Fryske fierljepkampioenen wûnen ek de revânswedstriid op It Heidenskip. Benammen de prestaasjes fan Hiske en Oane Galama, gjin famylje, koene besjen lije. Hiske ljepte by de froulju har fiif jier âlde persoanlike rekôr út 'e boeken. Se brocht it fan 16.33 nei 16.47 en it hie noch fierder kinnen. Oane Galama wûn op syn thúsbarte mei 20.88. Sytse Bokma wie nei it FK fan ôfrûne sneon yn Winsum opnij de bêste junior. Hy ljepte 19.25. Maureen Poiesz wie de fjirde Fryske kampioen dy't no mei 14.63 de famkesklasse wûn.

By de jonges gong de winst net nei Frysk kampioen Gerard Hooisma, mar winner Wietse Nauta ljepte wol as in kampioen. Hy wûn mei in machtich persoanlik rekôr fan 17.96, in ferbettering fan 1 meter en 23 sintimeter.

Sytse Bokma pakte by de junioaren net allinne syn sechstjinde deititel, hy ferbettere ek it klassemintsrekôr by de junioaren. It resultaat fan de sân bêste sprongen fan it seizoen stie nei ferline seizoen op namme fan Age Hulder mei 134 meter en 87 sintimeter. Frysk kampioen Bokma hat no in totaal fan 135 meter en 20 sintimeter achter syn namme stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)