Fryske kampioenen fan slach

13 aug 2014 - 21:45
  • Oane Galama

De Fryske kampioenen fierljeppen fan ôfrûne sneon yn Winsum wiene op de 19e wedstriid fan it seizoen yn It Heidenskip fan slach. Bart Helmholt en Age Hulder hellen net iens de finale, Marrit van der Wal en Jan Teade Nauta spilen yn dy finale in byrol. Oane Galama waard winner mei 20.45, foar Thewis Hobma mei 19.47. Klaske Nauta pakte yn har lêste sprong mei 15.54 de winst by de froulju, Tessa Kramer waard twadde mei 15.05. By de junioaren ljepte Sytse Bokma in winnende 19.17. Freark Kramer wûn by de jonges mei in persoanlik rekôr fan 18.06.

Sneon yn Grypstsjerk stiet de lêste wedstriid op it programma. Dan wurde ek de klasseminten opmakke fan de sân bêste sprongen fan it seizoen. By de topklassers is der noch in protte spanning. Oane Galama hat in foarsprong fan mar 25 sentimeter op Bart Helmholt. By de froulju kin Klaske Nauta it einklassemint eins net mear misrinne en is Age Hulder al wis fan it pompeblêdeshirt by de junioaren. Datselde jildt foar Jan Teade Nauta by de jonges.

Op woansdei 20 augustus is yn Drylts noch de striid om de Fryslân Cup.

Sneon 23 augustus is de fierljepútsetter. It Heidenskip is dan it dekôr fan it Nederlânsk kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)