Fryske judoka's gripe njonken de nasjonale titel

06 des 2015 - 15:55

It kombinaasjejudoteam fan Topsport Noord-Oost en Judo A7 is der snein net yn slagge it nasjonaal kampioenskip te pakken. Yn Sportstêd Hearrenfean ferlear it kombinaasjeteam fan trainer Edwin Steringa in tige spannende finalestriid mei 4-3 fan Topsport Zuid. De lêste en beslissende partij tusken Kevin Bakker en Tom Meulensteen waard úteinlik in proai foar de judoka fan Topsport Zuid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)