Fryske JOVD iens mei plan foar ôfskaffen maksimumsnelheid

24 feb 2015 - 15:10

It is in goed idee om de maksimumsnelheid op de grutte diken yn it Noarden ôf te skaffen. Dat seit de Fryske ôfdieling fan de JOVD. De jongereinferiening fan de VVD reagearret dêrmei op it foarstel fan it eigen lanlik bestjoer om de 130 kilometer los te litten foar it Noarden. Dêrmei soe de kleau tusken de Rânestêd en it Noarden lytser wurde.

Yn it Westen wurdt it Noarden faak beskôge as fier fuort. De JOVD tinkt dat ûndernimmers út de Rânestêd earder ynvestearje wolle yn it Noarden as it makliker berikber is.

De grutte diken yn It Noarden binne poer geskikt om hurd te riden. It is dêr minder drok as yn de rest fan it lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)