Fryske jonges yn nije film

18 sep 2014 - 11:40
  • De twilling Thomas en Daniël de Vries
  • Axel Zwanenburg

Trije jonkjes út Snits syplje in rol yn de nije Nederlânske film Dorsvloer vol Confetti, nei de bestseller fan de Franca Treur. It boek giet oer in famke dat opgroeit yn in strang grifformeard gesin yn Seelân. De tsienjierrige Axel Zwanenburg en de fiifjierrige twilling Thomas en Daniël de Vries spylje de rol fan de jongste broerkes.

De Fryske jonges kamen folslein tafallich yn deselde film terjochte, se koene elkoar earder ek net. De film is ferline simmer opnaam en is freed yn premjêre gien op it festival Film by the Sea yn Vlissingen.

Hy draait fan tongersdei ôf yn de bioskoop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)