Fryske jongeren stjoere bleatfoto's mei mobyltsje

07 apr 2015 - 13:37
  • Jongeren stjoere bleatfoto's mei mobyltsje

Bern wurde hieltiid faker online benadere mei seksuele fragen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it EenVandaag jongerenpanel. Benammen it omstjoeren fan bleatfoto's komt hieltyd faker foar. Ien op de sân jongeren docht dat. Ek yn Fryslân is dit saneamde sexting in groeiend fenomeen. De plysje hat der soargen oer omdat bern mei de foto's sjanteard wurde kinne.

In pear wike lyn waard al in Frjentsjerter oanhâlden omdat er drige in bleatfoto fan in jonge te fersprieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)