Fryske jongeren op Tall Ships

25 jul 2011 - 13:55
  • Foto: Remco de Vries/Omrop Fryslân

Yn Harns binne moandei 24 Fryske jongeren oan board stapt fan de trijemêster de Thalassa om mei te dwaan oan de Tall Ships Races. De dielnimmers binne útkeazen omdat se har ynset ha foar de mienskip. Ien en oar makket ek diel út fan de tardiedings op de Tall Ships Races yn 2014 dy't fan Harns út begjinne.

In soad jonges en famkes kinne noch net sile, mar dat wurdt se ûnderweis wol leard. De reis giet nei it Noarske Stavanger en nei Halmstad yn Sweden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)