Fryske jongeren nei Ghana

14 jul 2007 - 10:49

Trije Fryske jongeren stapten sneon yn it fleantúch om foar trije wiken nei Ghana te gean.

Se dogge dit yn it ramt fan it projekt Factor 10. Doel dêrfan is om yn kontakt te kommen mei oare kultueren. Nei ôfrin fan de reis jouwe de dielnimmers presentaasjes en besykje jild op te heljen om de minsken yn Ghana te helpen. Ien fan dy jongeren dy't meigiet is de 17-jierrige Bauke Groeneveld út Jobbegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)