Fryske jirpels yn Kolombia

08 feb 2011 - 11:56
  • De earste rispinge

Yn Kolombia binne de earste poatjirpels roaid fia in systeem dat ûntwikkele is troch it Fryske bedriuw Living Foods. It bedriuw is al in jier dwaande om yn Kolombia âlde jirpelrassen opnij te yntrodusearjen.

It systeem fermeardert lytse knollen fan spesjale rassen en docht dit op in duorsume en wetterbesparjende wize. Neffens Living Foods liket it eksperimint slagge en is it reden om troch te gean op dit systeem. Der is ek út oare lannen belangstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)