Fryske jeugdsoarch wurket goed

03 feb 2005 - 07:09

De Fryske oanpak fan de jeugdsoarch mei leechdrompelige jeugdloketten wurket goed. Neffens steatssekretaris Ross- Van Dorp fan Folkssûnens kin it in foarbyld wêze foar de rest fan it lân.

Der binne no fiif fan dy loketten yn de provinsje en der is no ien jier mei de nije oanpak wurke. Foar dy wurkwize krûpe in hiel soad ynstellings foar jeugdsoarch by elkoar. Ien fan de nije loketten stiet yn Drachten, gewoan tusken de winkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)