Fryske jeugdsoarch moat flink besunigje

01 aug 2015 - 11:52

In tsiental Fryske ynstellingen foar jeugdsoarch moat flink besunigje, om net noch mear boppe it budzjet út te kommen. Yn opdracht fan de Fryske gemeenten moatte sy foar 15 augustus mei in plan fan oanpak komme. No al is dúdlik dat de gemeenten dit jier sa'n 18 miljoen euro mear kwyt binne as de fergoeding fan it ryk. Sy moatte dat út eigen beurs bybetelje.

Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert fynt it ûnakseptabel as dat tekoart fierder oprint en easket hurde maatregels fan de ynstellings. In opnamestop is it maklikst, mar dat mei net barre.

Thea Koster seit dat der genôch oare opsjes binne. Sa kinne ynstellings de wachtlis better screene, tinkt sy. Fierder kinne helpferlieningstrajekten ynkoarte wurde, troch de jongeren earder oer te dragen nei de sosjale wykteams.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)