Fryske jagers wolle mear jild

11 apr 2009 - 15:50
  • Fryske jagers wolle mear jild fan de oerheid

De Fryske jagers wolle jild sjen fan de oerheid. It wurk kostet sa folle tiid en jild dat se it no de heechste tiid fine foar in ûnkostefergoeding. Foaral de reiskosten soargje foar in heech kosteplaatsje foar de jagers.

Yn trochsneed rydt in jager sa'n 150.000 kilometer yn it jier. De lêste jierren wurdt der foaral op de foks jage. Dêrtroch binne der hieltyd mear hazzen en fazanten te sjen. Ek soarget it ferleegjen fan de foksestân derfoar dat de greidefûgels mear kâns krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)