Fryske ierappelboeren profitearje fan droechte yn it suden

12 aug 2015 - 07:39

Fryske ierappelboeren kinne dit jier bot profitearje fan de droechte yn de rêst fan it lân. Troch de droechte is de opbringst benammen yn it suden op guon plakken wol 20 persint leger. Dêrtroch sil de priis omheech gean. Om't hjir wol genôch rein fallen is, sil de opbringst yn Noard-Nederlân wol goed wêze.

En de droechte betsjut ek ekstra hannel foar ierappelleveransier HZPC. Dy ferwachtet, yn tsjinstelling ta ferline jier, dat de fraach nei ierappels tanimt. De priis dy't de boeren krije foar de ierappels, wurdt letter dit jier bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)