'Fryske iel stjert út'

05 okt 2004 - 09:30

Der is aansen gjin iel mear te fangen yn Fryslân. Ta dy konklúzje komt Willem Dekker fan de universiteit Wageningen. Hy hat ûndersyk dien nei de takomst fan de iel yn Europa.

De stân fan de jonge iel is sûnt 1980 mei 95 persint tebekrûn. Ien fan de oarsaken is dat der foar fiskers hast gjin regels binne oer fangstbeheining. Neffens Dekker moatte der no maatregels nommen wurde, oars kinne alle binnenfiskers oer fiif jier wol ophâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)