Fryske hynsten minder wurdich

23 jan 2005 - 12:55

De prizen fan de Fryske hynsten steane ûnder druk troch de goedkeape dollar. Dat waard freedtejûn dúdlik by de jierlikse hynstefeiling yn Ljouwert. Dêr waarden 25 jonge hynsten fan it opfokprogramma fan it Frysk stamboek ferkocht. De measten geane nei it bûtenlân. Sa kocht in Spanjaard acht Fryske hynders foar krapoan 58 tûzen Euro. Yn Spanje binne plannen om in eigen Frysk stamboek op te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)