Fryske hynsten foar de keuring

24 des 2002 - 00:00

Mear as 180 jonge Fryske hynsten binne oanmeld foar de hynstekeuring fan it Frysk Hynste Stamboek. Dat binne tritich mear as ferline jier.

By de keuring wurdt in seleksje makke fan de hynsten. De bêsten krije in predikaat en wurde oanwiisd foar sintraal ûndersyk. Nei it ûndersyk, dat santich dagen duorret, wurde de hynsten op 'e nij keurd. De hynsten dy't slagje, wurde oanwiisd as dekhynst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)