Fryske hynst spilet Zorro

29 okt 2005 - 12:23

Fryske hynders feroverje Hollywood. Sa is de hynst Ariaan út Makkum sûnt koart akteur yn de nijste Zorro film. Hynste- hanneler Attema fan Makkum eksportearre it bist nei Amearika, dêr't in grutte Hollywoodprodusint syn each op Ariaan falle liet. Benammen de swarte facht fan de hynst spruts de filmmakkers oan.

Attema's soan Simon wennet yn Amearika. Fiif jier ferlyn begûn er mei it ymportearjen fan de Fryske hynders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)