Fryske huzeprizen bliuwe leech

10 apr 2014 - 10:41

Fryslân profitearret noch net fan de hegere prizen by de ferkeap fan huzen. Lanlik sjoen binne dy prizen de earste trije moanne fan dit jier krekt wat heger yn fergeliking mei de earste trije moanne fan 2013. Mar yn Fryslân giene de prizen noch krekt wat nei ûnderen (2,5%).

It giet goed mei it tal Fryske huzen dat ferkocht wurdt. Dat wiene der mei hast 900 ferkeapen mear as oardel kear safolle as yn deselde perioade ferline jier. Wol binne der grutte ferskillen yn de provinsje. Yn it noardeasten wie de groei it grutst, yn it suden it lytst.

Neffens Albrecht Kok, foarsitter fan de NVM yn Fryslân, is de hûzemerk op de goeie wei. Mar sûn is hy noch lang net. Dat duorret noch wol efkes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)