Fryske huzen it langst te keap

16 des 2010 - 11:33

Wenningen yn Fryslân stean op dit stuit it langst te keap fan hiel Nederlân. It duorret yn trochsneed goed 25 moanne foardat in hûs ferkocht is. In jier lyn wie dat hast 23 moanne. Dat docht bliken út sifers fan de website woningmarktcijfers.nl. Dat basearret syn sifers op de gegevens fan it Kadaster.

Makeldersorganisaasje NVM wiist derop dat it hjir om âlde sifers giet. Boppedat lit Fryslân regionaal grutte ferskillen sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)