Fryske hurdrinsters súksesfol

19 aug 2007 - 14:02

Hurdrinster Jessica Oosterloo fan Appelskea is sneontejûn yn it Drentse Hollandscheveld winner wurden fan de 5000 meter. Sy rûn de ôfstân yn in tiid fan 18 menuten en 25 sekonden.

Yvonne Kassenberg út Burgum wûn earder op de dei de heale maraton fan Bovensmilde. Kassenberg kaam oer de streek yn in tiid fan 1 oere, 29 menuten en 54 sekonden. Trea Dekker fan Smilde waard twadde, Inge van Schaik fan Ljouwert tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)