Fryske hoererinners klikke net

13 apr 2006 - 07:06

Prostitúsjebesikers yn Fryslân gean net nei de plysje as se misstanden oantreffe of bewizen fine fan minskehannel. Dat docht bliken út sifers fan Meld Misdaad Anoniem.

Lanlik kamen der 51 meldingen, yn Fryslân mar ien. Dat betsjut lykwols net dat der gjin problemen binne. Der is yn tiid wol 24 kear oanjefte dien fan twongen prostitúsje en der binne trettjin minskehannelers oppakt en ferfolge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)