Fryske hoareka wer positiver

31 okt 2010 - 16:39

Fryske hoareka-ûndernimmers wurde wer positiver oer de takomst. Minsken hawwe wer wat mear belangstelling om nei it kafee en út iten te gean. Allinne de restaurants dy't foaral ôfhinklik binne fan saaklike klanten, hawwe it noch altyd like dreech.

Bedriuwen doarre as gefolch fan de ekonomyske krisis noch net in soad jild út te jaan oan itentsjes. Benammen de djoerdere restaurants yn Fryslân hawwe dêr lêst fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)