Fryske hackers oppakt

12 sep 2008 - 21:39

In ynwenner fan Sleat en ien út Dokkum binne mei trije oaren oanhâlden foar kompjûterynbraken. Se soene ynbrutsen ha yn systemen fan universiteiten yn West-Europa, de Feriene Steaten en mooglik ek Ruslân.

De saak kaam oan it ljocht doe't in Amerikaanske universiteit ûntduts dat in hacker in programma ynstallearre hie wêrmei bestânnen fia it ynternet ferspraat wurde kinne. It spoar liede nei in Amsterdammer. Hy hie wer kontakt mei de twa Friezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)