'Fryske grins opskowe'

03 jan 2002 - 00:00

Boargemaster Fennema fan Skiermûntseach wol de grins fan syn gemeente, en dus ek dy fan Fryslân, ferskowe yn eastlike rjochting. Reden: de groei fan Skier oan de eastkant.

Troch sânferpleatsing leit al in kilometer fan Skier offisjeel yn de Grinzer gemeente Eemsmond. Dat betsjut dat de gemeente Skier formeel neat dwaan kin by rampen of natuerbehear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)