Fryske geurproeven korrekt

09 feb 2007 - 16:43
  • Resjerzje-offisier Oebele Brouwer hat ûndersyk dien nei de geurproeven

De Fryske plysje hat gjin flaters makke by it útfieren fan geurproeven mei plysjehûnen. Dat seit Oebele Brouwer, resjerzje-offisier yn Grins. Hjoed makke justysje bekend dat hast 2700 geurproeven yn Noard- en East Nederlân ûnjildich binne.

Brouwer is troch it Iepenbier Ministearje frege om de saken dêr't flaters by makke binne te ûndersykjen. By de 2700 geurproeven dy't ûnjildich binne, sitte mar sa'n 12 Fryske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)