'Fryske gemalen tagonkliker'

31 jan 2012 - 13:58
  • Woudagemaal

Wetterskip Fryslân wol de wettergemalen yn ús provinsje better tagonklik meitsje foar it publyk. Dit blykt út in rapport fan Atelier Fryslân, dat tiisdei presintearre is. Dêrfoar moatte de stekken om de gebouwen hinne wol ferdwine.

Fryslân hat sa'n tûzen gemalen. Dy steane faak as obstakels yn it lânskip, dêr't it publyk troch grutte stekken net bykomme kin. Dat moat oars, fynt ek it wetterskip sels. It Miedemagemaal by Swarte Haan mei in dûbele fiskpassaazje soe sels in toeristyske attraksje wurde moatte.

Wetterskip Fryslân wol ek it eksterieur fan de gemalen oanpakke. Dy steane no noch te faak in bytsje ferlern achter grutte stekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)