Fryske Gea wol pleatsen keapje

22 feb 2005 - 18:33

Natoerorganisaasje It Fryske Gea wol in stik as fiif pleatsen oankeapje om dy foar de takomst te bewarjen. Op de buorkerijen wol It Fryske Gea bedriuwichheid en duorsumens hân yn hân gean litte. De pleatsen sille iepensteld wurde foar it publyk.

De natoerorganisaasje fiert dit jier it 75-jierrich jubileum. Tiisdeitejûn wie der dêrom in gearkomste yn Ljouwert, dêr't it startsein fan it pleatseprojekt jûn waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)