Fryske Gea wol Frysk fee fokke

03 mrt 2004 - 00:00

It Fryske Gea wol in fokbedriuw foar Fryske Merjes opsette yn it bûtendyks- lân by Ferwert. De natuerorganisaasje hat dêr in leechsteande pleats wêryn't in besikerssintrum, in wurkpleats en de fokkerij ûnderbrocht wurde sille. De Fryske hynders sille ynset wurde foar it beweidzjen fan it bûtendykslân.

Neffens direkteur Hosper wol it Gea him mear rjochtsje op it fokken fan âlde Fryske lânbourassen. Tocht wurdt ek oan Fryske readbûnte kij en Fryske skiep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)